yn oktober 2018 mocht ik yn it mêd fan Under de Toer-project "De Slach by Boxum", in (haad)rol fan presentator-ferteller fertolke. Under de artistike lieding fan Tjerk Kooistra en Anke Boersma (rezjy Iepenlofstspul Jorwert) waard dit in koart en krêftich The Passion-achtich iepenloftspul. Hjirby waard gebrûk makke fan 3D-projectie en videomapping op de tsjerke fan Boksum. Makke troch Mark van Houten en Pieter-Frans Flameling.
It spyljen fan in foarstelling op it tsjerkhôf, tegearre mei tsientallen Boksumers wie in prachtige ûnderfining. 'Mienskip' yn optima forma. Doete Stenekes en Jan Haakma fertolken de oare twa haadrollen en skitterden dêrby troch it sjongen fan bekinde, by it tema passende, ferskes. De likernôch 1100 besikers fan de 7 foarstellingen hawwe troch feiten en fiksje en in flinke doasis humor in protte leard oer findeldrager Otto Clant, dy't yn jannewaris 1586 om it libben kaam yn'e 80-jierige oarloch. Mear ynfo op www.deslachbyboxum.frl
(foto's: fotografie Jaap de Boer)