Yn 2018 bin ik begûn mei myn eigen bedriuw. Oant no ta ha ik fan alles dien, en foaral noch wat.
Edukatyf materiaal ûntwikkelje, gastlessen jaan op basisskoallen, aktearwurk, foarlêze oan folwoeksenen en mear.
In hiel ferskaat oan wurk, allegear nijsgjirrich en projektmjittich. Moaie dingen meitsje, yn goed oerlis.
By 'PROJEKTEN' krije jo in yndruk fan de aktiviteiten dy't ik oant no ta dien ha of wêr't ik mei dwaande bin.
Jan Tiede Bouma
Myn eigen namme as bedriuwsnamme, in bewuste kar. Ik ferbyn myn eigen namme oan wat ik doch, om't ik dêr grutsk op bin. By myn wurk leau ik yn de minsk-ta-minsk relaasje, witte mei wa'st en foar wa'st it dochst. Dat fyn ik wichtich.
Logo
Yn myn logo sit as puntsje op de 'i' in baseball cap ferwurke. Minsken kinne my mei myn cap. Dizze cap heard by my en hat dêrom in plakje krigen, ferbûn oan myn namme.
Persoanlik
Ik wenje yn Weidum mei myn freondinne en ús twa bern. Wy hâlde fan muzyk, teater en film en besykje sa út en troch in museum, by foarkar mei hjoeddeistige keunst. Fryslân is ús thús, mar we reizigje ek graach troch Nederlân. Denemarken fine wy in noflike fakânsje bestimming.
Earder mocht ik graach fuotbalje, keatse, honkballe en noch mear sporten. Tsjinwurdich is dat kuierje, lêze en yn en om it hûs oan 'e gong wêze.
Stikje skiednis
Ik bin opgroeid yn in ûndernimmersgesin. Myn âlders hiene in supermerk yn Winsum (FRL) en dit hat foar in part myn skoalkar beynfloede: de Lagere Detailschool, folge troch de Middelbare Detailsschool fan it Middelsee College yn Ljouwert.
Yn 1993-1994 ha ik yn militêre tsjinst ferfolle yn Bergen op Zoom, Vught en Seedorf.
Dêrnei ha ik NIMA A en B diploma's (marketing) binnen it jier helle.
Yn 1996 bin ik te wurkjen kaam by tegelgruthannel Julius van der Werf yn Snits, as showroomferkeaper fan tegels en sanitêr.
Troch as frijwilliger by de Spulwike yn Littenseradiel jierliks mei basisskoallejeugd oan it wurk te wêzen, bin ik oansetten om wer oan'e stúdzje te gean. Sa bin ik yn 2001 begûn oan de PABO fan de NHL yn Ljouwert. Yn 2006 ha ik myn bachelor-diploma krigen en ha ik myn wurk by de tegelhannel opsein.
Tusken 2006 en 2017 bin ik wurksum west as groepslearkrêft by ferskate basisskoallen yn de omjouwing fan Ljouwert.
Yn 2017 ha ik it beslút nommen om as selsstannige nije paden yn te gean. Projektmjittich wurkje, kennis brûke dy't ik al hie, ûntdekke wêr't ik noch mear goed in bin en bliid fan kan wurde kin.
Sûnt jannewaris 2020 bin ik yn dieltiid wer wurksem yn it ûnderwiis. Yn skoaljier 2024-2025 bin ik yn Baard, by Regioskoalle De Greidefûgel, op woansdei en tongersdeitemiddei oan it wurk mei bern dy't in stikje ekstra soarch en oandacht fertsjinje. By basisskoalle It Bynt in Winsum ferful ik ek dy rol op moandei en tongersdeitemoarn. Op oare dagen yn de wike is der romte foar losse projekten. Sa as by NME-sintrum De Klyster.