06 - 1520 4687
Menu

Moaie mominten meitsje mei Van Ravesteijn

 

Sûnt 13 septimber 2019 wurkje ik mei oan 'moaie mominten meitsje' mei Van Ravesteijn Theater en Events.

Op dy dei mocht ik foar it earst mei mei it team fan Van Ravesteijn. De teater-dinerfoarstelling 'Het oog wil ook wat!' levere in komysk ferhaal op mei tusken de gongen troch in 'Cluedo-Wie-heeft-het-gedaan?' reade trie. In moardspul yn midsieuwske sfearen. 

Sûnt dy tiid bin ik gau ris foar Van Ravesteijn op 'n paad. Strjittefestivals, meisjonge mei Jan-Dirk yn de Smartlappen Kraam, strjitte-acts yn Koroana-tiden, iepeningsacts en mear. En eltse kear tegeare mei pracht kollega's. Dat der noch mar in protte 'act'-tiviteiten komme meie.

 Kom mar op mei dy moaie mominten!

www.vanravesteijnentertainment.nl