06 - 1520 4687
Menu

Molke 2.0 - projekt oer kloof tusken boer en burger

 

Yn it wykein fan 13-14-15 septimber haw ik in prachtich wykein belibbe op mini-camping De Klompenpleats fan Auke en Janke Jeltsje van Dijk. Nei in yn-'e-kunde-kom-dei op sneon 7 septimber binne wy mei in grutte ploech enthousiaste teatermakkers en spilers oan 'e slach gien mei it tema "boer&burger". It projekt Molke 2.0 fan teatermakers Janneke de Haan en Willy van Assen moast middels dit wykein in ynspiraasje-boost krije en dat is slagge! Sy krigen by de 'brainstorm-maaksessies' help fan Peter Sijbenga en Karel Hermans. 

It resulteare yn in teatrale presintaasje fan rom in oere op de sneontejûn en sneintemiddei. Der kamen sa'n 200 belangstellenden op ôf. Piet Douma fan PDF-Grafie út Weidum makke prachtige foto's fan de presintaasje op de sneintemiddei.