Rôversguod
Sawol yn Weidum as yn Terherne ha ik as fertellende fûgelferskrikker meispile yn in foarstelling fan muziekferiening de Harmonie fan Weidum. De foarstelling, neffens it boek Rôversguod fan skriuwster Janneke de Boer, waard spile troch spilers mei hânpoppen en my as ferteller. It ferhaal oer in jonkje dat freonen wurdt mei in oantal roeken, waard prachtich muzikaal ynkleure troch spesjaal foar de foarstelling skreaune muzyk. Dizze muzyk is skreaun troch dirigent Ria Fennema en is ûnder har lieding ûtfierd.
foto's Piet Douma PDF-Grafie