06 - 1520 4687
Menu

Troelstra is terug!

 

Troelstra is terug!

Sawat  50 foarstellings, mear as 4000 besikers! 

Meispylje yn de ynteractieve foarstelling 'Troelstra is terug!' wie in feestje. Under rezjy fan Onno Spreij en tegearre mei de akteurs Zen Roorda, Gabriëlle Glasbeek en Dirk van Weerden, haw ik in pear moaie moannen belibbe yn de Westerkerk (voormalig theater Romein) yn Ljouwert.

Tegearre hawwe wy in foarstelling makke, wêryn't wy yn fûgelflecht ferteld hawwe oer it libben fan Piter Jelles Troelstra. Fan berte oan de mislearre 'revolúsje' yn 1918. De learlingen, ôfkomstich fan it foartset ûnderwiis, binne op de foarstelling tarieden troch lesbrieven, kompleet mei online fideomateriaal op www.troelstraisterug.nl .  Troch dizze tarieding koene de learlingen dielnimme oan de foarstelling troch mei te spyljen mei ûnder oare stikjes skript en mieningen dy't se yn 'e klasse op papier set hiene.

foto premjêre út de krante: Niels Westra

oare foto's binne fan de lêtste tariedingsdagen