06 - 1520 4687
Menu

Under de Toer - boekpresintaasje

 

Op 14 febrewaris 2019 wie ik oanwêzich by de presintaasje fan it Under de Toer-boek. In boek mei byld en ferhaal fan de 31 Under de Toer projekten fan LF2018. 

Fotografe Heleen Haijtema hat nei oanlieding fan elts projekt ien foto makke, in foto dy't foar har it bêste de essinsje fan de manifestaasje werjout. Foar De Slach by Boxum hat sy my hifke om model te stean foar it meitsjen fan in byld fan De Slach. En dit is it resultaat!

Ik bin grutsk op wat wy dien ha yn Boksum, en bliid dat ik op dizze wize yn it boek telâne kommen bin. 

www.deslachbyboxum.frl

www.heleenhaijtema.nl