'Miss Pumpkin'
Foar NME-sintrum De Klyster bin ik dit foarjier útein set mei in pilot fan it projekt 'Miss Pumpkin'. Tegeare mei Marjolein Staal fan De Klyster ûntwikkelje ik dit projekt foar de Gemeente Noardeast-Fryslân en Dantumadiel.
5 skoallen dogge mei oan in pilot fan it projekt yn it ramt fan Jong Leren Eten, in lânlik programma. It hat allegear te krijen mei sûn iten, yn sûne grûn en sûne bern. De bern siedzje ûnder oaren pompoensiedsjes, litte dy groeie en sille sy it eintjse beslút klearmeitsje om lekker op te iten. Ek ferbouwe sy griente, leare oer in sûne boaiem en it boaiemlibben. De pompoen stiet sintraal, lykas de wjirm en de wille fan sûn 'dwaan'!
De kommende tiid sille der hieltyd mear foto's fan en ferslagen oer dit projekt op myn website ferskine. Wy biede de skoallen nammentlik gastlessen oan wêrby't wy mei de bern it projekt foarmjouwe en ûntdekke. Ik krij dêrby alle help fan Klyster-frijwilliger Bianca van Tielen, dy't my bystiet as saakkundige op it mêd fan it túnkjen.
De foto dy't as byldmerk it projekt in gesicht jout, is makke troch Hans Menninga.