06 - 1520 4687
Menu

Underweizzz - De Klyster

 
Underweizzz

Nei it meispyljen yn de ynliedende film fan it edukatieve projekt 'Underweizzz', bin ik frege om mei te wurkjen oan it ûntwikkeljen fan in lessenmap. In lessenmap oer Wylde Bijen, Blommen, Bermen en Bio-diversiteit. In searje lessen dy't basisskoallelearlingen yn groepen 7 en 8 opropt om yn aksje te kommen foar de wylde bijen. Troch der oer te learen, oer nei te tinken, nei bûten te gean en wat te dwaan. En om't bern op ferskate wize leare is der keazen foar in ryk oanbod oan lessen. Tegearre mei Geartsje de Vries, Marjolein Staal en Betty Kooistra binne wy ta in prachtich resultaat kommen. It projekt Underweizzz fan NME-centrum De Klyster is yn april 2018 presintearre yn Botanische Tuin De Kruidhof yn Bûtenpost. 

De lessenmap Underweizzz is fersprieden fia de NME sintra yn Fryslân yn in oplage fan 250 stiks! Yn de DDFK-gemeenten, noordeast-Fryslân hawwe de skoallen der in planteparse by krigen om goed starte te kinnen mei in eigen Herbarium. Yn it mêd fan LF-2018 Kulturiele haadsstêd is de lessenmap fergees oanbean ûnder de flagge fan Silence of the Bees.

Foar de DDFK-gemeenten is der foar 50 basisskoallen troch my in gastles ûntwikkele op basis fan de lessenmap. In les mei in presentaasje oer de wylde bijen en it meitsjen fan siedbommen en bijenhotels. Ek dizze lessen koe De Klyster kosteleas oanbiede oan de skoallen. Sels haw ik fan 14 maaie oant en mei 12 juny 2018, 18 fan de úteinlik 45 gastlessen jaan mochten. De oare gastlessen bin fersoarge troch Hilda de Jong en Geartsje de Vries.