It projekt 'Bermtoeristen' yn septimber 2018 hat yn 2019 in ferfolch krigen. Mar leafst 20 groepen basisskoallelearlingen út Noardeast-Fryslân en Dantumadiel krigen fan KidzKlix en De Klyster in workshop oanbean. Under lieding fan natoerfotograaf Bart Stornebrink en in hulpfotograaf fan De Klyster gongen de bern nei in bosk tichtby harren skoalle, op syk nei moaie natoer. Dit hawwe se fest lein op de gefoelige digitale plaat.
Self ha ik ek wer in oantal workshops mei liede mochten en dat wie wer in feestje. Eltse workshop blieken der wer pareltsjes fan foto's tusken te sitten. Middels in kamera binne de bern hieltyd wer ferwûndere troch de skientme fan de moaie natoer sa tichtby hûs.
foto's fan Bart Stornebrink, KidzKlix