06 - 1520 4687
Menu

Elfwegentocht LF-2018

 

Ferwert - Dokkum - Burum - Broeksterwâld

Op 4 plakken, 5 skoallen, sjipkisten bouwe. Dat wie de opdracht dy't ik krige fan de DDFK-gemeenten yn Noardeast-Fryslân. De gemeenten Ferwerderadiel, Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerland woene harren sjen litte yn it ramt fan  'Elfwegentocht LF-2018, 2 weken zonder een druppel benzine'. Dat fûn plak fan 1 t/m 14 july 2018. Underdiel dêrfan wie it meitsjen fan sjipkisten troch basisskoallebern út de middenbou. 

Fan it winnen fan de skoallen oant it bouwen fan 55 sjipkisten wie in prachtich en mearsidige útdaging. It sette út ein mei it oerlis oer de winsken fan de gemeenten. Derr moast in prototype komme, materialen útsocht. Kosten berekkene om te sjen oft it binnen budget helber wie. Materialen bestelle foar de sjipkisten wie de folgjende stap, best spannend mei mar in pear wike oan tiid, sa ek it kontakt ûnderhâlden oer it hoe en wat mei de skoallen. Sa moasten der bygelyks troch de skoallen frijwilligers, lês âlders en pakes en beppes, frege wurde om mei te helpen op de bouwdagen. 

Op 26 juny wie de earste bou-dei yn Ferwert by OBS Op 'e Trije en 27 juny wie bou-dei nûmer 2 by CBS Op Streek, ek yn Ferwert. Op 2 july wie OBS Nynke van Hichtum út Dokkum oan 'e beurt. Der moast dêr bouwd wurde yn it sintrum fan Dokkum op De Zijl. Materiaalsponsor Dijkstra-Draisma pakte dêr dy dei grut út om't de Elfwegentocht-karavaan dy dei yn Dokkum del kaam. Op 5 july hiene  de sjipkist koereurs fan Ferwert yn kompleet oppimpte sjipkistkarren in race. Yn it sintrum fan Ferwert kaam dy dei in ferskaat oan duorseme ûndernimmers del om harren guod sjen te litten en raceten de learlingen fan it 'valsplat' fan de terp. Jûns wiene de sjipkisten noch yn byld by it deistige Elfwegentocht-journaal fan de NPO. Op freed 6 juli wie CBS Op de Hoogte yn Burum yn aksje. Mei in protte handige hulpen waard ek dêr yn prachtich sinneskyn waar wurke oan prachtige karren. Itselde barde yn Broeksterwâld op 11 july. Ek dêr setten se technysk en kreatyf feardich, rôljend materieel yn elkoar. 12 july wie der in ôfslutende race yn Burum en op 13 july iyn Broeksterwâld. 

It sukses fan it projekt wie te sjen yn it entûsiasme fan de bern, âlders, pake's en beppes, learkrêften en frijwilligers fan De Klyster. Mei spierkrêft en tûkheid bouwe, mar sûnder in drip benzine!