In feestje yn in studio!
3 dagen lang de fijne kneepkes fan it stimaktearfak leare. Want dat it in fak is, dêr bin ik no wol efter. In goede voice-over bist net samar. Allinich in goede stim hawwe is net genôch. En (tegearre) wurkje yn in studio moast leare.
Under lieding fan Barnier Geerling, in man mei in stim dy'st al tûzen kear heard hast sûnder datst witst wa't hy is, ha ik in soad leard oer voice-over ynsprekke. Tegearre mei 9 oare toffe kursisten, hawwe wy in grut ferskaat oan commercialteksten en 'narratieve' teksten oefene. Dêrnjonken krigen wy ekspresje-oefeningen. Want jo ferwachtsje it net, maar hâlding en mimyk bin' fan grut belang by it oerbringen fan in boadskip as voice-over. Leaust de reklameboadschap of it tekenfilmkarakter wol of net?!
In jier lyn ha ik in twa-daagse workshop 'animatie & nasynchronisatie' dien yn Leiden, ek by Stemacteren.nl. Ek dat wie in feestje. Reden te oer om der mear mei dwaan te wollen. Ek no kaam dat, as ûnderdiel fan de bootcamp, oan bar. Wat is dat toch superleuk om bygelyks yn de rol fan in behoarlik flinke hagediseftich meunster krûpe te meien en dat it dan ek noch slagget!
De kommende tsien wiken gean ik oan de slach mei oefenopdrachten. Opdrachten wêrmei't ik mysels fierder ûntwikkelje kin as stimakteur. Foar commercials, bedriuwsfilms, animaasje-stim-wurk en wat net mear. Earst noch troch mei oefenjen dus, en wa wit kin ik yn de takomst dan mear fan my heare litte!
Barnier, Léon, Thyrza en Lune: betanke! It wie in feestje!
www.stemacteren.nl