06 - 1520 4687
Menu

Leskist "Bomen? Boeien! foar NME-centrum De Klyster

 

Bomen? Boeien!

Foar NME-centrum De Klyster haw ik in leskiste yn elkoar timmere. De basis fan de leskiste is in set fan 70 opdrachtkaarten, ûntwikkele troch Natuurcentrum Arnhem. De materialen dy't der fierder by moasten haw ik by inoar socht en der in leskiste omhinne timmere. 

Mei troch stipe fan Sijtse Auke Flapper en Johan Klaster (beamskiif fan in Populier), Helma fan Helma Groenworkshops (laser-gravearje fan de letters op de kiste) en Gosse Bouma sr. (ôfwurking fan it hout) is it in moai gehiel wurden. 'Samen maak je het mooier', sa docht mar wer bliken.

CBS De Fjouwerhoeke yn Hantumhûzen hat de leskiste as earste yn gebrûk nommen en giet 'm trije wike útprobearjen. Ik bin der superwiis mei!