Bermtoeristen Bûtefjild
Yn opdracht fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Dantumadiel haw ik as projektmeiwurker fan NME-sintrum De Klyster yn Damwâld in skitterjend projekt fan begjin oant it ein organisearje mochten. De twa gemeenten grinzje oan natuergebiet ''t Bûtefjild' by Feanwâlden.
Om it nij oanleine gebiet te promoaten bin' NME-sintrum De Klyster en NDE-sintrum Pingo&Pet ynskeakele om it gebiet better bekind te meitsjen by de bewenners fan de omlizzende doarpen, as kuier- en flústerboatrûte. Troch basisskoallebern yn 'e kunde komme te litten mei it gebiet middels in flústerboat en fotokamera's, bin' se in soarte fan ambassadeurs fan it gebiet wurden.
Myn rol yn it projekt wie it byinoar bringe fan in natuerfotograaf, in flústerrûnfeartboat, begjin-einlokaasje en fansels skoallen. Yn totaal hawwe 10 skoallen yn twa wike tiid dielnimme kinnen oan it projekt. 5 middenbougroepen fan eltse gemeente. Myn funksje wie organisator/útfierder fan it projekt en ek de rjochthân wêze fan de fotograaf en de skipper.
Natuerfotograaf Bart Stornebrink fan stifting KidzKlix naam de workshops foar syn rekken. Rûnfeartboat 'Wilhelmina' fan Rondvaart Kollum wie mei syn hybride motor it ferfiermiddel. Buorkerij De Omleiding fungeare dy tsien dagen as start- en einpunt fan de workshops.
In pear oeren lang wiene de bern ûnderdompele yn de wrâld fan natuerfotografie en de skientme fan 't Bûtefjild. Se wiene, sis mar, toerist yn harren eigen eftertún. Oan 'e ein fan eltse workshop keazen de learlingen sels harren favorite top 3. Nei tsien workshops hat dit resulteare yn in skitterjende eksposysje yn it Paviljoen fan Park Vijversburg by Tytsjerk. De exposysje is iepene op 18 oktober 2018 en wie te sjen oant 25 novimber 2018. Ek dizze eksposysje mocht ik organisearje, yn gearwurking mei Audrey Stielstra fan Park Vijversburg.
foto's: Bart Stornebrink / www.bartfotografie.eu